Frijspraak nei fjochterij Balk

In 21-jierrige ynwenner fan Harich is yn heger berop frijsprutsen fan diskriminaasje en mishanneling. De man wie troch de rjochtbank feroardield ta in wurkstraf foar syn belutsenheid by in fjochtpartij yn Balk yn 2007. In groep manlju makke doe diskrimearjende opmerkings tsjin in donker famke. By de fjochtpartij dêrnei rekken de freon fan it famke en in oare jonge ferwûne. It gerjochtshôf fynt it bewiis foar de belutsenheid fan de man út Harich net oertsjûgjend.