Haven Nijetrine ferbettere

(argyffoto Lenus van der Broek)
De haven by de Driewegsluis yn Nijetrine is oanpast om it wettersporters better nei it sin te meitsjen. De haven wurdt sûnt de oanlis ferline jier kwalik brûkt.
Yn in enkête sizze wettersporters dat it der net gesellich is, omdat der hast gjin boaten lizze. De boatsjeminsken wolle ek leaver sydlings oanlizze en net fia de punt nei de wâl moatte. Tiisdei binne dêrom alle lisplakken feroare: 31 mearpeallen binne fuorthelle.