Luchtpomp makket wetter sûner

20 jul 2010 - 17:48

Wetterskip Fryslân hat in oplossing betocht om fiskstjerte troch soerstoftekoart tsjin te gean. De lèste tiid binne troch it waarme waar hûnderten fisken deagien dy't yn stilsteand wetter gjin lucht mear krije koene.

De brânwacht moast by fivers yn aksje komme om de fisk te rêden. Meiwurkers fan it wetterskip ha no sels in simpel nij apparaat betocht om dat te dwaan: troch in buis mei gatsjes pompt in kompressor lucht yn it wetter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)