PC ûnwis foar Jacob Wassenaar

20 jul 2010 - 13:32

It is de grutte fraach oft Jacob Wassenaar oer fjirtjin dagen oan de PC meidwaan kin. Wassenaar rekke snein op 'e Rengersdei yn Ljouwert blessearre oan de knibbel. Tiisdei die bliken dat hy de meniskus stikken hat.

Woansdei op de frije formaasjepartij yn Minnertsgea wurdt besjoen oft de foarynse mei dizze blessuere trochkeatse kin. Is dat net it gefal dan is it seizoen foar Jacob Wassenaar foarby.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)