Dieder ferdrinken hûn yn byld

20 jul 2010 - 10:33

De plysje tinkt te witten wa't de hûn ferdronken hat yn it wetter by Roptasyl. It giet om in ynwenster fan Seisbierrum. De frou moat har melde op it plysjeburo. Docht se dat net, dan wurdt se mooglik oanhâlden. De plysje hie al in pear dagen it idee dat de frou ferantwurdlik wie. Tips hawwe dat fermoeden sterker makke.

De hûn waard ferline wike fûn. Hy siet yn in tas dy't swierder makke wie mei stiennen. De Dierebeskerming hat 1500 euro beskikber steld foar de gouden tip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)