Tsjûgen mishanneling socht

20 jul 2010 - 09:56

De plysje siket tsjûgen fan 'e swiere mishanneling fan in jongeman út de Westereen (21). Hy rekke by in oerfal yn 'e Baginestrjitte yn Ljouwert dit wykein swierferwûne oan it gesicht. De plysje hat twa 17-jierrige fertochten oanhâlden, ien út Grins en ien út Feanwâlden. Se hiene rûzje by in snackbar oan it Ruterskertier.

Twa famkes hawwe de mishanneling sjoen en eefkes koart mei de plysje praat. De plysje wol graach mear mei harren prate, mar ek mei oare tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)