Dyk Gytsjerk-Oentsjerk ticht

20 jul 2010 - 09:39

De provinsjale dyk tusken Gytsjerk en Oentsjerk is fan moandei ôf in skoft ticht. Dat is nedich fanwege wurk oan de traverse Trynwâlden en de Lauwersseewei. Trochgeand ferkear wurdt omlaat oer Hurdegaryp en Damwâld. De omlieding stiet op giele buorden. De bussen 50 en 51 ride ek in oare rûte.

It wurk begjint no moandei en duorret oant 16 augustus.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)