Aksjegroep tsjin stank Petfood

19 jul 2010 - 12:26

Omwenners fan it fabryk Teeling Petfood yn Feanwâlden, it eardere Viando, hawwe skjin har nocht fan de stank fan it fabryk. Sûnt it bistefoerfabryk sa'n njoggen moannen lyn in trochstart makke, is de stank folle slimmer wurden.

It fabryk hat beloofd der wat oan te dwaan, mar it duorret neffens omwenners fierste lang. Dêrom ha se in aksjegroep oprjochte. De groep wol graach sa gau mooglik om 'e tafel mei de gemeente en it fabryk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)