Oplibbing bedrige flintersoart

Mear dúnpearelmoerflinters op Skier
It giet goed mei de dúnpearelmoerflinter. Foaral op Skiermûntseach en op It Amelân binne grutte oantallen fan de flinter teld. Dat meldt de Flinterstichting. De dúnpearelmoerflinter stiet as bedrige bistesoart op de Reade List.
De ôfrûne jierren waard de flinter kwalik sjoen, no sitte der by de kust lâns tsientûzenen. Op Skiermûntseach wurde de bysûndere flinters ek yn de polder en op it strân sjoen.