AZC-bewenners bedrige

19 jul 2010 - 10:01

De plysje hat snein fjouwer minsken oanhâlden foar bedriging. Earder dy jûn kaam in melding by de plysje dat bewenners fan it AZC yn Drachten bedrige wiene. Dêrby is mooglik ek mei in fjoerwapen drige of sketten.

Nei ûndersyk koe de plysje fjouwer fertochten oanhâlde. It giet om in 19-jierrige man fan De Harkema, in 19-jierrige man út Marum, in 19-jierrige frou út Surhústerfean en in 16-jierrich famke út De Like. Sy binne oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)