Van der Bos wint Rengersdei

Taeke Triemstra (argyffoto: Henk Bootsma)
De finale fan de Rengersdei gie snein tusken de partoeren Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger tsjin Rutmer van der Meer, Renze Pieter Hiemstra en Folkert van der Wei. De winst wie foar it partoer fan Gert-Anne van der Bos mei 5-3 en 6-0. Mei in sitbal makke Van der Bos, dy't letter kening waard, de partij yn Ljouwert út.
De lytse preemje wie foar Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Alle Jan Anema.