Jelmer Pietersma neist poadium

18 jul 2010 - 16:45

Mountainbiker Jelmer Pietersma (28) fan Balk is fjirde wurden by it Nederlânsk Kampioenskip mountainbike yn Zoetermeer. It wie in prima wedstriid fan Jelmer, mar hy krige in lekke bân. Hy kaam noch werom yn de wedstriid, mar koe de kopgroep fan trije net mear berikke.

In teloarstelde Jelmer Pietersma hie rekene op in poadiumplak. Rudi van Houts waard kampioen. Bas Peters twadde en Frank Schotman tredde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)