Nij DNA-ûndersyk saak-Vaatstra

03 apr 2012 - 09:24

Yn de saak-Vaatstra komt in nij DNA-ûndersyk. Sûnt snein is der in nije wet wêrmei't ek famyljeleden fan de dieder yn de databank opspoard wurde kinne. It DNA fan de moardner fan Marianne Vaatstra wurdt fergelike mei it DNA fan de 135.000 persoanen yn de databank. As it foar in part oerienkomt soe dat betsjutte kinne, dat it om famylje giet fan de dieder. Fia de famylje is dan de moardner fan Marianne Vaatstra op te spoaren.

De twa resjersjeurs dy't folsein op dizze saak sitte, neame it saneamde 'DNA-verwantschap'-ûndersyk kânsryk.

De saak-Vaatstra is de earste saak yn de skiednis yn Nederlân dy't sa ûndersocht wurdt. De 16-jierrige Marianne Vaatstra waard in 1999 by Feankleaster om it libben brocht.

Trefwurden: 
moard Marianne Vaatstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)