Natuerklups wurkje gear

18 jul 2010 - 15:57

De Agraryske Natuerferienings fan Súdeast-Fryslân sille mear gearwurkje. Se hâlde har dwaande mei ûnderhâld fan bermen en greidefûgelbehear. It nije gearwurkingsferbân mei de namme ELAN moat in ferbining wêze tusken de seis natuerklups dy't yn it Súdeasten binne.

It earste projekt is om in gebietfyzje te meitsjen. De lytsere natuerferienings ferdwine net no't de gearwurking oangien is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)