Westerener yn elkoar slein

In jonge (17) út Grins is sneontenacht oanhâlden yn Ljouwert. Hy hie in man (21) út De Westereen yn elkoar slein. Yn de Bagijnestrjitte kaam de plysje de Westerener tsjin. Dy sei dat er troch twa jonges yn elkoar slein wie. Har sinjalemint kaam oerien mei jonges dy't de plysjes earder op de jûn sjoen hienen.
Nei in syktocht waard de Grinzer fûn. De twadde fertochte is ek bekend. De plysje sil him opsykje. It slachtoffer is oan it gesicht ferwûne.