Ungelok op N361

18 jul 2010 - 15:12

Op de N361 wie sneintemoarn by Eanjum in iensidich ûngelok. De automobilist (27) en de passazjier (25) beide út Tytsjerk rekken ferwûne. Se binne nei it sikehûs yn Dokkum brocht.

De man rekke troch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt. De wein kaam yn de berm en yn in sleat ta stilstân. De auto is burgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)