Stellerij flagge mei stok

© Omrop Fryslân
Twa manlju (19 en 21) út Wûns en Makkum binne sneontejûn yn Makkum oanhâlden foar it meinimmen fan in flagge mei stok en al. Se woenen mei trije oaren ite yn in restaurant oan de Kerkstraat, mar dat restaurant siet fol.
De groep waard wat balstjurrich en de twa manlju namen de flagge mei. Mei help fan in tsjûge binne se oanhâlden foar fernieling.