A31 ôfsletten nei ûngelok
De A31 rjochting Harns hat sneontejûn ôfsletten west troch in ûngelok mei in oanhingwein. In automobilist wie ûnderweis mei de wein mei dêrop fjouwer motoaren. De wein skaarde en troch de klap lekten de motoaren oalje. Dat soarge foar sa'n ravaazje dat de dyk trije oere ôfsletten wie om alles op te romjen.
Net ien rekke ferwûne.
Trefwurden:
argyf