Lilke man stekt om him hinne

In Ljouwerter (46) is sneontenacht yn de stêd oanhâlden. Hy hie de ruten fernield fan de buorlju yn de Hondecoeterstrjitte. Dêr wie inkeld de soan thús. Dy fielde him bedrige en warskôge syn mem. Dy soarge dat in tal minsken nei har hûs gongen. De Ljouwerter waard poer en stuts in frou mei in skerp foarwerp. Se moast mei de ambulânse nei it sikehûs.
De man is oppakt op fertinking fan poging ta deaslach of moard.