Draisma pastor yn NW Fryslân

18 jul 2010 - 09:48

De biskop fan it bisdom Grins-Ljouwert hat Sipke Draisma beneamd ta pastor yn de parochys fan Harns, Frjentsjer, Sint Anne, Dronryp, Flylân en Skylge.

Draisma folget pastor Nellie Sluis op, dy't beneamd is ta pastoraal wurker yn Grinslân. De 52-jierrige Draisma is sûnt 1999 pastoraal wurker yn Warkum, Makkum, Wytmarsum en Boalsert. Hy hat ek jierrenlang by de KRO-radio wurke as presintator, ferslachjouwer en redakteur.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)