Famke (7) al gau wer fûn

18 jul 2010 - 09:29

De plysje yn Snits hat sneontejûn om in oere as tsien in aksje op tou setten om in famke fan 7 jier werom te finen yn de buert fan de Snecanusstrjitte. Dêrby waard ûnder oare gebrûk makke fan burgernet.

De plysje frege de dielnimmers dêrby om út te sjen nei it famke. Se wie sûnt 6 oere jûns net mear sjoen. Ungefear in oere nei de burgernetaksje waard it famke wer fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)