Hiemstra kening yn Makkum

It partoer fan Marten van der Leest, Renze Pieter Hiemstra en Pier Piersma hat sneon it keatsen yn Makkum wûn. De haadklassers keatsten goed. Yn de finale wiene se mei 5-2 en 6-2 te sterk foar it partoer mei Jan Dirk de Groot, Herman Sprik en Marten Feenstra. Renze Pieter Hiemstra waard ta kening útroppen.
Der stiene acht partoeren op de list. De kening fan ferline jier Rutmer van der Meer die dizze kear net mei. Hy is siik.