Ikeprosesjerûp rukt op

De ikeprosesjerûp rukt fierder op yn Fryslân. Op It Hearrenfean binne no ek nêsten fûn. Nei de Stellingwerven, Skarsterlân en Opsterlân is dit de fyfde gemeente dêr't de rûp oantroffen is. Troch de waarme temperatueren fan de lêste wiken nimt it tal rûpen fluch ta. Nêsten falle noch alris út de beammen troch de hurde wyn.
It is saak nêsten net oan te reitsjen. De hierkes feroarsaakje brânwûnen, jokte en yrritaasje. Nêsten kinne trochjûn wurde oan Steatsboskbehear.