Mei stellen bus út riden

17 jul 2010 - 12:44

Ut de busgaraazje by it stasjon yn Snits is freedtejûn in lijntsjinstbus stellen. De dieven binne dermei út riden gien, mar rekken yn Warkum yn botsing mei in auto. Kafeebesikers hearden in hurde klap en seagen de bus krekt de strjitte útriden. Se koene de bus net mear fine.

Letter krige de plysje in melding dat de brêge fan Hylpen skansearre wie troch de bus. Op de Dijkweg yn Hylpen waard de bus wer fûn. Der wiene gjin minsken by. De bus wie slim beskeadige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)