Oanfarring op PM-kanaal

16 jul 2010 - 17:52

Op it Prinses Margrietkanaal by Grou hat freedtemiddei in oanfarring west tusken in frachtskip en in kruser. De kruser hat dêrby in soad skea oprûn, de fiif minsken oan board binne net ferwûne rekke.

It ûngelok barde doe't in binnenfeartskip in oar skip ynhelje woe. It roer fan it skip gong stikken en dêrtroch wie it skip net goed te bestjoeren. De kruser is troch de oanfarring net sonken, mar koe net op eigen krêft fierder farre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)