Bolk Constructie hat wer plak

By de brân yn maaie baarnde it gebou fan Bolk Constructie hielendal ôf
It bedriuw Bolk Constructie út Haulerwyk hat wer in plakje. Sûnt goed in moanne binne de meiwurkers fan Bolk oan de slach yn in leechsteand pân yn Easterwâlde. De âlde lokaasje baarnde op freed 21 maaie folslein ôf. Dat soarge doe foar in protte ûnrêst yn it doarp Haulerwyk en omjouwing troch de grutte reekûntwikkeling.
Al frij fluch nei de brân wie Bolk wer aktyf op ynternet en no binne se dus ek wer echt los. Se kinne oant healwei takom jier yn Easterwâlde bliuwe.