Nije slûs Alde Leie oplevere

De nije slûs fan Alde Leie
Ien fan de wichtigste stappen om de noardlike alvestederûte befarber te meitsjen is klear. Freed is in nije slûs by it doarp Alde Leie oplevere. De slûs wie nedich omdat it wetterpeil op It Bilt 30 sintimeter ûnder de Fryske boezem leit. Om de rûte befarber te meitsjen wie dêrom by Aldeleie en by Wier in slûs nedich.
It wurk oan de slûs by Wier is ek al begûn. Ek moatte guon brêgen noch op hichte brocht wurde en moat natoerbehear regele wurde.