Dokkumer (41) krijt klappen

16 jul 2010 - 11:25

In 41-jierrige Dokkumer is tongersdeitenacht sûnder oanlieding yninoar slein. It slachtoffer stie te beljen by in hoarekasaak oan de Merk yn syn wenplak doe't in 33-jierrige plakgenoat op him ôf kaam. Dy joech him sûnder dúdlike oanlieding in kopstjit en in fûstslach.

It slachtoffer moast nei it sikehûs om him behannelje te litten. De fertochte is oanholden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)