Rjochtbank iens mei ûndersyk

De haadfertochte (47) fan ´e moard op Pytsje_Bouma fan Frjentsjer wurdt de kommende moannen observearre yn it Pieter_Baan_Centrum. De rjochtbank fan Ljouwert hat it fersyk fan de offisier fan justysje tawiisd. Pytsje Bouma (69) waard yn maart om it libben brocht. Har skoandochter is haadfertochte yn de saak.
By de pro-forma behanneling fan de saak die tongersdei bliken dat der bloedspoaren fan de fertochte yn it hûs fan it slachtoffer fûn binne.