Rekôrtal ballonnen De Jouwer

© Omrop Fryslân
Op de iepeningsdei fan de Fryske Ballonfeesten op 'e Jouwer giet in rekôr oantal luchtballonnen de loft yn. Op woansdei 28 july sille 125 ballonnen tagelyk omheech gean. Dat is neffens de organisaasje noch nea earder bard yn Nederlân.
De Fryske Ballonfeesten wurde dit jier foar de 25ste kear holden. Der komme ballonfarders út ûnder oare Sweden, Brazilië, Kroäsië en Amearika. Yn eltse ballon mei in bern mei in spiersykte of mei brânwûnen meifarre.