Meigean mei trends hat doel

Glimme is út
In nije trend yn auto's hat it Hearrenfeanse bedriuw Mefiag troch de ekonomyske krisis holpen. Yn auto's en by meubels is in groom laachje net mear hip, de ûnderdielen moatte no in matte aluminium kleur hawwe. Mei in gemysk bedriuw hat Mefiag in nij systeem ûntwikkele wêrmei't in egale matte laach oanbrocht wurde kin.
Troch yn te spyljen op de nije trend hat it bedriuw it ôfrûne jier 20% ekstra omset helle.