Biobrânstofferkeap mislearre
Nei trije jier is Europa´s grutste tankstasjon foar duorsume brânstoffen yn Ljouwert alwer ticht. It bedriuw Delta_Oil iepene it stasjon foar gewoane en biobrânstoffen lykas biodisel, bio-etanol en ierdgas yn 2007. It gebrûk fan biobrânstoffen yn Nederlân naam doe ta.
Mar de hege ferwachtings kamen net út en dêrom hâldt Delta_Oil mei alle trije tankstasjons yn Fryslân op. Neffens it bedriuw komt dat mei omdat de oerheid gjin dúdlike kar makket.
Trefwurden:
argyf