Wâldgieltsjes populêr

De wâldgieltsjes lizze no yn de winkel
Der is hieltyd mear fraach nei it wâldgieltsje. De jirpelsoart út de wâlden is sûnt in pear jier as streekprodukt te keap en Fryske supermerken wolle it graach yn harren skappen ha. Al wiken foardat de soart útlevere wurde kin, wurdt der al om frege yn de winkels.
Tongersdei waard de earste searje ôflevere by de winkels. Neffens gruthannel Greydanus&Brouwer sil der dit jier goed 5 persint mear ferkocht wurde as ferline jier.