Seeswimmer makket ekskús

De seeswimmer ûnderweis op in sânbank
De jonge dy't dizze wike fan Skylge nei Flylân swom, hoecht de kosten fan 'e KNRM rêdingsaksje dochs net te beteljen. Boargemaster Yorick Haan fan Flylân wie earst lilk en fûn dat er betelje moast. Mar ûnderwilens hat Christian de Kleijn syn ekskús oanbean en dat is genôch.
De 19-jierrige jonge út Roermond wurdt mooglik noch wol ferfolge troch justysje. Hy is strafber om't er in fargeul oerswommen is. De swimaksje wie foar in goed doel.