Fergese enerzjypakketten

15 jul 2010 - 14:28

Wethâlder Antuma fan de gemeente Achtkarspelen hat tongersdei de earste fergese paketten útdield mei produkten om enerzjy te besparjen.Se binne bedoeld foar minsken mei in lyts ynkommen. Sawat fjouwerhûndert húshâldings hawwe in pakket oanfrege.

De gemeente Achtkarspelen jout in soad omtinken oan duorsumens. Troch it gebrûk fan produkten om enerzjy te besparjen kinne boargers de CO2-útstjit ferminderje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)