Hynstedagen yn Garyp

Foto: Omrop Fryslân
Op 'e Hynstedagen fan Tytsjerksteradiel wurde de kommende dagen mear as trijetûzen besikers ferwachte. It is de tolfde kear dat de Hynstedagen by Garyp plakfine. Op dit nasjonaal hippysk konkoers wurde de kommende dagen seishûndert hynders kard.
De organisaasje fan 'e hynstedagen yn Garyp is yn hannen fan 'e stifting de Friezedei Trynwâlden, de stifting Hynstedagen Garyp en fokferiening 'Ta behâld'. De entree is fergees.