Fertochte stekkerij oppakt

15 jul 2010 - 11:50

De plysje fertinkt in 30-jierrige Snitser fan belutsenens by in stekpartij yn syn wenplak. Dêrby rekke in 62-jierrige Sniter swierferwûne. Hy waard troch de plysje fûn yn in wente oan de Napjusstrjitte.

De man soe mishannele wêze troch in oare Snitser. Oft dat de 30-jierrige is, wurdt noch ûndersocht. De plysje slút mear oanhâldings net út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)