Tipjild foar ferdronken hûn

15 jul 2010 - 10:00

Der is in beleanning beskikber foar de tip dy't laat ta it oanhâlden fan de persoan dy't ferantwurdlik is foar it ferdrinken fan in hûn. Dy waard earder dizze wike fûn by in gemaal by Roptasyl. It bist siet yn in tas dy't swierder makke wie mei stiennen. De hûn hie gjin chip en dêrom is de eigner net bekend.

In anonime Fries hat 250 euro beskikber steld, de Dierebeskerming docht dêr nochris 150 euro by. De plysje hat al in tal tips krige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)