Soad fisk dea troch waarmte

14 jul 2010 - 21:33

Yn de grêften en fivers fan It Hearrenfean binne de ôfrûne dagen hûnderten fisken deagien. Troch de waarmte siet der te min soerstof yn it wetter. De Hengelsportvereniging Heerenveen is poer op de ynstânsjes. Neffens de feriening ha dy te min dien om de stjerte foar te kommen. De brânwacht hat woansdei soerstofryk wetter yn in fiver oan de Wederik pompt. Dat hie earder moatten, fine de angelders, benammen om't der snein al melding makke wie fan de problemen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)