Bouwmeester 2de op WK Laser

14 jul 2010 - 17:46

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is twadde wurden by it WK yn de Laser Radial. Woansdei wie de lêste dei fan it WK foar de kust fan it Skotske Largs, mar der koe net syld wurde. Der stie tefolle wyn, wylst der tiisdei gjin wyn stie. Dêrtroch koene mar seis wedstriden syld wurde.

Bouwmeester hie yn earste ynstânsje de bêste resultaten. Mar omdat alle sylsters ien minne wedstryd ôflûke mochten einige de Finske Sari Multala as earste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)