Barnhard mei yn túnhûs wenje
De famylje Barnhard fan Skiermûntseach mei fan de Raad van State foarearst harren túnhúske brûke om mantelsoarch te jaan. De famylje brûkt it húske om de âlden fan Huub Barnhard te fersoargjen. De gemeente wol it net lije omdat der yn it bestimmingsplan stiet dat it húske in bedriuw is.
Neffens de Raad van State is der gjin bedriuw en sil dat de earste jierren ek net it gefal wêze. De gemeente moat dêrom harren bestimmingsplan oanpasse.
Trefwurden:
argyf