Wenboatfolk tsjin belesting

14 jul 2010 - 16:34

Eigners fan wenboaten en wenweinen yn Ljouwert binne ûntefreden oer de nije belesting dy't de gemeente op 1 jannewaris 2011 ynfiere wol. Neffens de gemeente is it net earlik dat bewenners fan in hûs wol ûnreplikguodbelesting betelje, en minsken yn in wenboat of wenwein net.

Eigners fan wenboaten tinke dêr hiel oars oer. Tsien jier lyn is der súksesfol prosedearre tsjin in fergelykbere maatregel en guon wolle dat wer dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)