Brânwacht hat soargen oer jild

De Fryske Brânwacht set fraachtekens by de besunigingsútstellen fan de kommisje Mans. Yn opdracht fan de regionale brânwachtkommandanten hat dy kommisje besjoen hoe't besparre wurde kin. Neffens de kommisje kin dat troch de brânfeiligenskontrôles by bedriuwen net mear út te fieren.
De Fryske brânwacht fynt dat der dan wol oare maatregels naam wurde moatte om de feiligens net yn gefaar te bringen. De kommisje hat útstellen dien om 185 miljoen te besparjen.