Seeswimtocht foar goed doel

14 jul 2010 - 14:05

Christian de Kleijn (19) út Roermond hat fan Skylge nei Flylân swommen foar in goed doel. In freon fan him hat in earnstige spiersykte en leit op dit stuit oan de beäzeming. Mei de swimaksje woe De Kleijn jild byinoar swimme. Hy wie al skoften dwaande mei de tarieding.

Boargemaster Haan fan Flylân is min te te sprekken oer de swimpartij. It is neffens him libbensgefaarlik omdat de see tusken de eilannen in drokke skipfeartrûte is mei in soad streaming.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)