Ljouwert: replik guodbelesting

14 jul 2010 - 12:03

Bewenners fan wenboaten en wenweinen yn Ljouwert moatte fan 1 jannewaris 2011 ôf replik guod belesting betelje. De gemeente wol sa ekstra jild binnen helje. Ek fine se it earliker nei huzebesitters ta. It is net foar it earst dat de gemeente dizze belesting ynfiere wol. Ein jierren '90 is it ek besocht mar doe wie der fûl ferset.

De wenboatbewenners skeakelen in advokaat yn en fierden doe mei súkses in juridyske proseduere. It giet mei-inoar om 900 objekten yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)