Minder stellerij út winkels

14 jul 2010 - 10:19

It tal winkelstellerijen yn Fryslân is yn 2009 yn fergeliking mei 2008 yn de measte gemeenten ôfnaam. Dat docht bliken út sifers fan Detailhandel Nederland. Opfallend is dat benammen yn Ljouwert it tal winkelstellerijen ôfnaam is. Waarden yn 2008 noch 538 ynsidinten melden, ferline jier wiene dat der 447. Ek waarden minder fertochten oanhâlden.

Undernimmers op Skiermûntseach, yn Littenseradiel en yn Ferwerderadiel ha yn 2009 gjin winkelstellerij meld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)