Frou (89) ferwûne by oanriding

14 jul 2010 - 09:58

In frou fan 89 jier út Stiens is tiisdei ferwûne rekke by in oanriding yn Britsum. De frou stuts op 'e fyts de krusing fan de Brédyk mei de Holdingawei oer en waard dêrby oanriden troch in automobilist út Hallum.

De frou hat nei alle gedachten de auto oer de holle sjoen. Se is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)