Plysje nimt rydbewizen yn

Trije automobilisten hawwe tiisdei har rydbewiis ynleverje moatten by de plysje omdat se te hurd rieden. In Ljouwerter ried op de Harnzerstrjitwei yn syn wenplak 155 km de oere, wylst er mar 100 mocht.
Op de Ofslútdyk by Koarnwertersân waard in ynwenster fan IJmuiden betrape wylst se 132 ried op in stik dyk dêr't mar 70 tastien is. En in Penjumer hie 135 op 'e teller stean wylst er mar 60 mocht. Alle trije ha fan 'e plysje in proses-ferbaal krigen.