Jeffrey de Visscher mei fuort

Jeffrey de Visscher mei fuort by Cambuur
Jeffrey de Visscher mei transferfrij fuort by Sportklup Cambuur. De oanfaller komt net langer foar yn de plannen fan de technyske stêf. De Ljouwerters ha mei Nassir Maachi, Reza Ghoochannejhad en Kevin Diaz genôch fleugeloanfallers.
De Visscher spile de ôfrûne oardel jier 49 wedstriden yn de kompetysje, dêr't hy 14 kear yn skoarde. Hy kaam yn jannewaris 2008 oer fan it Skotske Aberdeen.