Himpplanten tusken it mais

14 jul 2010 - 09:37

Yn in maisfjild oan de Polderdyk yn De Tike binne tiisdeitemoarn hennepplanten fûn. Se waarden ûntdutsen troch de eigner fan it fjild.

It giet om trije stroken fan sa'n 30 meter breed. De himpplanten binne yntusken ferneatige. De plysje is noch op syk nei de dieders.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)